Anna Marije Bloem

Underwiisbegelieder, skoalstiper, sprekker en kursuslieder by Sintrum Frysk & Meartaligens Cedin Onderwijsadvies

Amsterdam, North Holland, Netherlands

About

Experience

  • Cedin Zorg en Onderwijs (13 yrs)
    • Cursusleider Klasse Frysk
      Dec 2020 - Present · 5 yrs 8 mos

    • Onderwijsbegeleider
      Aug 2013 - Present · 13 yrs

      Myn fundamint is it ûnderwiis. Fan de pabû, nei de dosinte-oplieding Frysk, fan myn 21e altyd wurksum west as dosint yn it fuortset ûnderwiis en letter ek ûnderwiisadviseur foar it fak Frysk by Cedin. In soad presintaasjewurk dien foar ûnder oare grutte Fryske eveneminten en Omrop Fryslân. Dêrnei myn Master Frysk helle, wêr't ik ôfstudearre op it doeldomein subjektifikaasje fan Gert Biesta. No mem fan it alderleukste jonkje op'e wrâld en dêrom keazen foar ien baan: dy fan adviseur. In prachtige kreative en útdaagjende baan mei machtich moaie gearwurking mei ûnder oare NHL Stenden, Omrop Fryslân, Afûk, Keunstwurk en Fers.

  • Docent fries at csg Bogerman
    Oct 2007 - Jul 2020 · 12 yrs 10 mos

    Ik haw 12 jier foar de klasse stien op csg Bogerman. Ik joech les oan brêgeklassers oant eksamenkandidaten en alle nivo’s. Ik bin begûn yn Wommels, haw lesjûn yn Snits en Boalsert, kaam ek noch yn Koudum en krige doe de lúkse posysje om te kiezen foar de skoallen dêr’t ik my it meast thúsfielde: Wommels en Koudum. Twa soartgelikense lytsskalige skoallen wêr’t in hiel soad romte foar eigen ynbring wie. Neist dosint Frysk joech ik ek teater binnen it fak profilearing, yn kombinaasje mei myn kollega’s sport en byldzjende foarming. Sa hawwe wy jierrenlang teaterproduksjes delsetten. Ik haw yntins genoten fan myn wurk mei myn prachtige pubers en haw yn myn lessen altyd in soad romte krewearre foar persoansfoarming, talint en kreativiteit. Kollega’s seagen my as entûsjast, fernijend en miskien in bytsje eigenwiis. Frysk wie foar my nammentlik gjin standert taalfak wêr’t alles om stavering en grammatika draait, mar in fak fan de wrâld. Ik wurke mei de kearndoelen, mar klaaide dat yn sa’t ik tocht dat it wichtich wie foar de bern. Muzyk, teater, literatuer, foardracht, poezij en proaza wiene en binne hege prioriteiten binnen myn wurk. Bern de kâns biede om te ûntdekken wa’t se binne, wêr’t se hinne wolle en hoe’t se harren ferbine wolle oan de mienskip om betsjuttingsfol bydrage te kinnen, dêr leit myn passy!